Doeksen bestelt skippen yn Fjetnam en krijt jild Waadfûns

08 apr 2016 - 15:34
  • De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen
  • Direkteur Mark Schiller fan Strategic Marine en direkteur Paul Melles fan Rederij Doeksen tekenje it kontrakt
  • Scott Nicholls (Chief Operating Officer Strategic Marine), Jan Willem Doeksen (CEO Koninklijke Doeksen), Mark Schiller (CEO Strategic Marine), Paul Melles (CEO Rederij Doeksen), Johan Tuk (CFO Koninklijke Doeksen).

Rederij Doeksen hat freed in kontrakt tekene mei skipswerf Strategic Marine Fjetnam foar de bou fan twa nije skippen. It giet om aluminium katamarans dy't farre op floeiber ierdgas. De bou kostet 44 miljoen euro. De boaten wurde boud yn Fjetnam en komme fan 2018 ôf yn de feart. Vripack yn Snits ûntwerpt it ynterieur. Strategic Marine hat werven yn Azië en De Feriene Steaten en is spesjalisearre yn de bou fan aluminium skippen.

Doeksen krijt dêr ek noch 1,2 miljoen euro fan it Waadfûns foar.

Dat jild wie earder bedoeld foar de ombou fan frachtskip de Noard-Nederlân. Dy soe omboud wurde ta in skip op floeiber ierdgas. It jild wie twa jier lyn al tasein, mar doe gie it wurk net troch fanwege de hege kosten.

Doeksen hat it jild no krigen foar de nijbou fan twa skippen. Floeiber ierdgas, ek wol LNG, is folle skjinner. Der wurdt bygelyks in soad minder CO2 útstjitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)