Doekle Terpstra ynformateur?

25 nov 2006 - 10:24

Doekle Terpstra is de measte geskikte ynformateur foar it nije kabinet. Dat seit listlûker en fraksjefoarsitter Femke Halsema fan Grien Links. Terpstra komt oarspronklik fan Wytmarsum en is op dit stuit foarsitter fan de HBO-ried. Earder wie er foarsitter fan it fakbûn CNV.

Neffens Halsema is de CDA'er Terpstra sosjaal genôch om it CDA en de linkse partijen PvdA en SP op ien line te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)