Doek liket te fallen foar Psy-Fi-festival

30 nov 2015 - 21:50
  • Grutte belangstelling foar diskusjejûn oer takomst Psy-Fi-festval by Ljouwert

De kâns dat it psychedelyske festival Psy-Fi takom jier wer yn Ljouwert hâlden wurdt, liket hiel lyts. Riedsfraksjes koene moandeitejûn fragen stelle oer it festival oan it kolleezje en oan guon ynsprekkers.

De gemeente hâldt fêst oan de noarm dat nei ien oere nachts gjin leven mear makke wurde mei. De Psy-Fi-organisaasje stelt lykwols dat nachts muzyk draaie in betingst is om besikers út hiel de wrâld te krijen. Op it 5-daachske festival yn de Griene Stjer kamen dit jier 17.000 minsken út 94 lannen ôf

De besikers joegen hjir en dêr wat oerlêst mei parkearen en wyldkampearen, Oer lûd yn nacht kamen net mear as trije klachten.

Psy-Fi sil no útwike nei in oar plak. De organisaasje fynt it in Kulturele Haadstêd ûnweardich dat dy har net better ynspant om sa'n grut Psy-Fi hjir te hâlden.

De publike tribune siet fol by de gearkomste oer Psi-Fy op it stedhûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)