Doek falt foar Harnzer Mavo

28 nov 2000 - 11:23

It is dien mei it kristlik fuortset ûnderwiis yn Harns. Mei yngong fan 1 augustus takom jier giet de kristlike Mavo De Klokslag ticht. Sûnt 1994 makket de skoalle diel út fan skoallemienskip Van Schurman yn Frjentsjer. De ledegearkomste hat besletten dat it ûnderwiis dêr konsintrearre wurde moat.

It tal learlingen yn Harns is tebekrûn fan 194 yn 1994 nei 114 dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)