Doek falt foar Blokhúspoarte

20 sep 2007 - 11:25
  • Finzenis Blokhúspoarte no definityf ticht

Finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert giet op 31 desimber definityf ticht. Dat hat it ministearje fan justysje tongersdei bekendmakke. It gefang is sûnt july sletten fanwege de brânfeiligens. Der wie 15 miljoen euro nedich om it gebou geskikt te meitsjen foar de opfang fan finzenen.

It is noch ûndúdlik hoe't it mei it gebou komme sil. Ek is noch net bekend wat de konsekwinsjes binne foar it finzenispersoniel dat dêr wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)