Dockinga College hat ien fan de bêste mavo's fan Nederlân

26 feb 2016 - 10:51
  • Dockinga College yn Dokkum

Dûbel feest op it Dockinga College yn Dokkum. De skoalle einige dizze wike op it tredde plak by in ûndersyk nei de bêste mavo's yn Nederlân. Yn it ûndersyk fan it LAKS ûnder 98 skoallen wurdt it Dockinga wurdearre as gehiel en ek foar de learlingebegelieding en de kommunikaasje.

Boppedat krige dosint Koos Blom in ûnderskieding fan it regionale ferkearsfeiligensteam, om't hy al tsientallen jierren belutsen is by ferkearsfeiligensprojekten. Hy krige in miniatuer fan it byld 'De Verstomde Schreeuw' fan keunstner Fokke Veurman.

Blom is it oansprekpunt fan de skoalle by ferkearsmerken, kontrôles fan de fytsferljochting en de aksje 'Wij gaan weer naar school'. Ek ûntwikkele er mei de leskist foar ferkearsfeiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)