Dochter krijt earmbantsje heit

14 jul 2000 - 16:16

Freed krige de dochter fan de omkommen Kanadeeske fleander Thomas Fetherston op It Amelân it earmbantsje fan har heit oanbean. It fleantúch mei acht persoanen oan board,waard yn 1942 delsketten boppe de Noardsee. Net ien is ea weromfûn.

Om kustôfslach tsjin te gean, wurdt op It Amelân regelmjittich sân op it strân spuite. Dat wurdt earne út 'e Noardsee opsûcht. Sa waard it earmbantsje fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)