Dochter en mem oppakt foar stellerij fan telefoan

21 aug 2015 - 10:01

In 16-jierrich famke en har 43-jierrige mem binne yn Ljouwert oppakt foar stellerij fan in telefoan. It Ljouwerter duo hie taslein yn in supermerk oan it Johannes Kolfplein yn 'e stêd. De plysje wie warskôge om't it slachtoffer en de fertochten rûzje krigen hienen.

Op kamerabylden koe de plysje sjen dat de 16-jierrige de telefoan stellen hat fan de kassabân. Har mem wurdt derfan fertocht dat se holpen hat by de stellerij. Beiden binne meinaam nei it plysjeburo. De telefoan is letter weromfûn yn in blombak njonken de supermerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)