Dochs ynfosintrum Noarderleech

25 mrt 2005 - 11:45

De plannen foar in ynformaasjesintrum foar besikers fan it Noarderleech wurde nij libben ynblaasd. Earder noch like it ynformaasjesintrum der net te kommen troch in tekoart oan jild. It Fryske Gea hat de lêste tiid sinjalen út Den Haach krigen dat der wer kânsen binne.

Tagelyk wurdt der ek wurke oan it opsetten fan in saneamd beweidingsbedriuw. Dat betsjut dat der yn in part fan it gebiet fee rinne sil dêr't it Gea sels it foech oer hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)