Dochs wer drugsopfang op Tunen

18 feb 2005 - 05:55

Op de Tunen yn Ljouwert komt in brûkersromte foar drugsferslaafden. Dat hat wethâlder Hafkamp oan de omwenners bekendmakke. Oan de Tunen wie yn it ferline ek in drugsopfang, mar dy is ferpleatst nei de Sudergrêftswâl. De Tunen hâlde in opfang foar alkoholferslaafden.

De buert is net der net bliid mei dat de drugsferslaafden no weromkomme. Der soene tasizzings út it ferline lizze dat soks nea wer barre soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)