Dochs ûndersyk Kollumersweach

13 feb 2009 - 11:27

Kollumerlân docht wol in breed ûndersyk nei de takomst fan de foarsjennings yn Kollumersweach. Pleatslik Belang utere tongersdei fûle krityk op de gemeente. Dy wol faasje meitsje en no it besteande doarpshûs opknappe en útwreidzje. Dat wylst earder tasein is dat der earst goed ûndersyk dien wurde soe oer de takomst fan foarsjennings. De ried fynt ek dat it gemeentebestjoer te hurd wol.

It kolleezje komt yn maaie mei in foarstel foar in breed ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)