Dochs trochstart PJ Kollum

23 maaie 2006 - 11:43

De lokaasje yn Kollum fan skoalmienskip Piter Jelles krijt definityf in trochstart. De skoalle set takom skoaljier útein mei it Impuls-konsept. Dat hâldt yn dat de learlingen foar in grut part sels bepale hoe't se ûnderwiis krije.

Kollum begjint mei 20 nije learlingen. Dat is minder as de bedoeling wie. Oardel jier lyn drige de skoalle te sluten om't it bestjoer gjin takomst mear seach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)