Dochs surséânse-fraach Cambuur

21 apr 2006 - 00:00

Cambuur freget moandei dochs surséânse fan betelling oan. It slagget net om de lêste fiif oant seis krediteuren dy't noch 80.000 euro ha moatte, oer de streek te krijen. Fan dy krediteuren binne in pear hiel ticht by Cambuur belutsen.

Nammen wurde net neamd. In oar probleem is dat der noch hieltyd gjin tekene oerienkomst leit tusken de fjouwer Ljouwerter sakelju en de Friesland Bank oer it rêdingsplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)