Dochs subsydzje wettersuvering?

05 sep 2003 - 00:00

Trijehûndertfyftich húshâldens yn kwetsbere bûtengebieten krije mooglik dochs noch in flinke subsydzje foar in ferplichte wettersuveringsynstallaasje. Dêrfoar moatte gemeenten, provinsje en it Wetterskip Fryslân gearwurkje. Dat liket no te slagjen want 13 gemeenten binne al posityf oer it konseptplan.

Mei fiif oare gemeenten wurdt noch fierder praat. It plan is skreaun troch nutsbedriuw Aquario yn opdracht fan it wetterskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)