Dochs rappe trein nei Rânestêd

21 nov 2013 - 15:03
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

Der komt miskien toch in rappere trein tusken Ljouwert en de Rânestêd. It Ministearje foar Ynfrastruktuer hâldt yn har nije plannen rekken mei snelheidsferheegjende maatregels. Earder wiene dy plannen der yn it Noarden allinne foar it baanfak Zwolle-Grins. Mar op fersyk fan de ChristenUnie hat Deputearre Steaten lobbyd en komt dat der no ek foar it baanfak Zwolle-Ljouwert. It skeelt aanst in healoere reistiid.

De rappe trein soe der op syn gaust yn 2021 komme kinne neffens de NS, mar neffens de ChristenUnie moat dat earder kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)