Dochs pleechbuorkerij Wynjewâld

25 maaie 2006 - 15:35

De famylje Barf fan Wynjewâld mei dochs in part fan har buorkerij ferbouwe om dêr in pleechgesin yn wenje te litten. Dat hat de Steatsrie woansdei besletten. De famylje wennet sûnt de simmer fan 2005 yn de pleats.

In melkfeehâlder dêrneist makke beswier tsjin de fergunning dy't Opsterlân joech foar de ferbouwing. Hy wie benaud dat syn bedriuw op slot kaam te stean. Neffens de Steatsrie feroaret de wenbestimming net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)