Dochs pealtsjes yn A'karspelen

26 apr 2009 - 16:13

Der komme mooglik dochs reflektoarpealtsjes yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen om húsnûmers goed lêze te kinnen. Ferline wike like it derop dat de pealtsjes der net komme soene. Boargemaster en wethâlders fûnen se te djoer. It delsetten fan de 1000 pealtsjes soe 60.000 euro kostje. Boppedat soe it net nedich wêze mei alle moderne navigaasje-apparatuer.

Nij ûndersyk fan 'e FNP yn de gemeente lit sjen dat it kolleezje der yn beide gefallen neist sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)