Dochs paviljoen De Lemmer

30 jul 2009 - 16:55
  • De gemeente wol har garant stelle foar de komst fan it strânpaviljoen

Gemeente Lemsterlân sil nei alle gedachten foar fiifhûnderttûzend euro garant stean foar it nij te bouwen Lemster strânpaviljoen mei swimbad en restaurant. Dat seit wethâlder Wesselius.

Neffens him moat it kolleezje noch in stânpunt ynnimme, mar is it foar eltsenien better dat it projekt der komt. Undernimmer Vaartjes is al sûnt 2005 dwaande mei it projekt, mar is troch beswieren fan oare Lemsters nó pas ta oan ûnderhannelings mei de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)