Dochs opfang De Tunen Ljouwert

07 maaie 2013 - 21:01
  • It opfanggebou oan De Tunen

De Ljouwerter opfang fan dakleazen en de gebrûkersromte foar drugsferslaafden komt dochs yn in gebou oan de Tunen, ek al wiene der yn maart op in bewennersgearkomste in soad beswieren. Neffens wethâlder Andries Ekhart kin it plan trochgean, omdat der ekstra tafersjoch komt op strjitte. Hy hat dat oerlein mei de plysje.

Omwenners binne benaud dat der wer krekt safolle oerlêst wêze sil as yn de jierren '90. Doe waarden der ek drugsferslaafden opfongen oan de Tunen.

Ekhart wiist der op dat der yn de tuskentiid folle mear ûnderfining mei sokke problemen opdien is troch opfangorganisaasjes Zienn en it Leger des Heils. De gemeenteried moat noch wol in beslút nimme oer de opfang oan de Tunen. In groep bewenners hat al aksjes tsjin de opfang oankundige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)