Dochs oerienkomst by Arriva

27 sep 2006 - 10:07

De bussen yn Ljouwert en Súdeast- Fryslân ride fanôf woansdei 14.00 oere wer neffens skema. Direksje, fakbûnen en ûndernimmingsried ha oerienstimming berikt oer de nije tsjinstroasters.

Der is allinnich noch diskusje oer betelling fan it lean oer de oeren dat de bussen net riden ha. It personiel wol no foar 5 oktober witte oft se betelle krije of net. Mocht de direksje beslute om dat net te dwaan, dan sil der miskien wer staakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)