Dochs oanjefte fan fernielerij

07 jan 2008 - 17:07
  • Bert Kuiper

Tsjûgen fan fernielerij troch jongeren moatte oanjefte dwaan by de plysje. Dat sei boargemaster Kuiper fan Skarsterlân yn syn nijjierstaspraak. De gemeente hat mei Ald en Nij in soad oerlêst hân troch fernielerij. De skea wurdt rûsd op 120.000 euro.

Om de rêddraaiers goed oanpakke te kinnen, hat de plysje de help fan alle ynwenners nedich. De gemeente komt gau mei inisjativen om de boarger yn de striid tsjin fernielerij te belûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)