Dochs needfûns yn Dongeradiel

06 jun 2009 - 14:15

It inisjatyf foar in needfûns yn Dongeradiel foar it yn kaart bringen en bestriden fan stille earmoed hat alle opskuor fan de ôfrûne wike oerlibbe. Freed is it startskot foar de oprjochting fan sa'n fûns jûn by de notaris yn Dokkum.

De PvdA-fraksje kaam earder mei dit inisjatyf yn de gemeenterie, mar luts it werom doe't der net genôch draachflak foar wie. Multymiljonêr Romke Kooyenga hat 20.000 euro tasein en wol op syk nei mear jildsjitters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)