Dochs mear jild Opsterlân

11 sep 2000 - 17:43

Opsterlân kin in in miljoen gûne ferwachtsje út it gemeentefûns fanwege de goede konjunktuer. Yn de begrutting, dy't moandei presintearre waard, is dêrtroch mear romte foar projekten op it mêd fan sosjale foarsjenningen, maatskiplik wurk en ûnderwiis.

De tafaller is opmerklik om't de gemeente earst minder jild krije soe en besunigje moast op ynvestearringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)