Dochs leansferheging by V&D

18 jul 2009 - 12:18
  • Leanen gean dochs omheech by V&D

It personiel fan V&D krijt dit jier gewoan syn leansferheging útbetelle. Dat binne de direksje fan de winkel en de fakbûnen oerienkaam. Earder woe de direksje de ôfpraten leansferheging noch skrasse, fanwege de ekonomysk mindere tiden.

Direksje en fakbûnen hawwe no ôfpraat dat de CAO, dêr't de leansferheging yn stiet, gewoan útfierd wurdt. Dy CAO rint oant 1 jannewaris. Yn de CAO dy't dêrnei komt sil gjin leansferheging opnaam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)