Dochs kultuerjild yn Opsterlân

30 sep 2014 - 17:27

De gemeente Opsterlân sjocht ôf fan it plan om takom jier al op te hâlden mei it jaan fan subsydzjes oan kulturele ynstellings. Koaren, muzykferienings, toanielferenigings en oare kultueroanbieders kinne kieze foar in ôfbou-regeling. Tusken 2015-2018 wurdt it jild stadichoan ôfboud nei nul. Dêrnei kinne se gjin subsydzje mear krije foar losse aktiviteiten en eveneminten. Se kinne der ek foar kieze om fan 1 jannewaris ôf gjin subsydzje mear te krijen. Dan kinne se har wol ynskriuwe foar losse aktiviteiten en eveneminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)