Dochs krystmiel Swettehiem

23 des 2011 - 10:33

De bewenners fan fersoargingshûs Swettehiem yn Ljouwert krije freed dochs in krystmiel. It TV-programma Need op Freed fan Omrop Fryslân hat dêr it inisjatyf ta nommen. Yn de mande mei in grut tal bedriuwen krije de bewenners fan Swettehiem freedtemiddei har krystmiel.

De direksje fan it fersoargingshûs hie ferline wike it miel ferbean, omdat de nije flierbedekking net smoarch wurde mocht. De aksje is freedtemiddei om kertier oer fiven rjochtstreeks te sjen yn Need op Freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)