Dochs koarting foar MCL

09 nov 2010 - 14:06

Sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt dochs koarte op it budzjet. It ministearje fan Folkssûnens hie de strafkoarting easke, omdat it MCL, krekt as in tal oare sikehuzen oer it reguliere budzjet hinnegien is. Ferline jier is in totaalbedrach fan sawat 550 miljoen te folle útjûn. Dat bedrach wurdt no fan takom jier ôf koarte.

De sikehuzen hienen harren earst mei súkses tsjin de strafkoarting ferset. It gerjochtshôf yn Den Haach hat it ministearje yn heger berop no gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)