Dochs koart pleit Frjentsjerter frou nei útbeteljen PGB

04 jun 2015 - 21:36

De Fryske helpferlienster, dy't in koart pleit oanspand hat tsjin de Sociale Verzekerings Bank (SVB), hat dizze wike har achterstallich lean útbetelle krigen. De frou út Frjentsjer soarget foar in dôve frou. Dy kin de helpferlienster betelje út in PGB, in persoansbûn budzjet. Dat budzjet wurdt beheard troch de SVB. Dy hie oant no ta 845 euro útbetelle, wylst de helpferlienster rjocht hie op 4.000 euro mear.

Omdat it de helpferlienster net allinne om har eigen sitewaasje giet, mar ek om dy fan tûzenen oaren, set se it koart pleit troch.

It koart pleit tsjinnet freedtemoarn yn Amsterdam. Yn de Twadde Keamer die tongersdei bliken dat de problemen mei de útbetelling fan de PGB's foarearst noch net oplost binne. Steatssekretaris Van Rijn krige in moasje fan wantrouwen oan 'e broek. De steatssekretaris joech ta dat de feroaring fan it PGB-systeem better taret wurde moatten hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)