Dochs jubileumfeest Soli Brass

24 apr 2011 - 12:38

De gemeente Ljouwert hat 1500 jûn oan brassband Soli Brass yn Ljouwert foar it 75-jierrich jubileum. Wethâlder Isabelle Diks makke dat sneon bekend by in jubileumkonsert. Soli Brass frege yn jannewaris subsydzje oan foar in feest op 30 juny. De oanfraach kaam te let en hy waard ôfwiisd. Hie it feest op 1 july west, dan hie it wol goed west. Wethâlder Diks sei dat de gemeente dat sa sneu fynt, dat besletten is Soli Brass dochs 1500 euro te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)