Dochs jild foar gemeentesloep

20 feb 2014 - 14:31
  • sloepen

De gemeenteried fan It Bilt stelt dochs 16.000 euro beskikber foar in gemeentlike sloep. Dêrmei wurde de beswieren fan ûndernimmer Minkema fan tafel fage. It Bilt wol yn gearwurking mei Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel de sloep ferhiere op de noardlike Alvestêdetochtrûte. Undernimmer André Minkema fan Sloepverhuur Leeuwarden hie beswier makke tsjin de oankeap fan de sloep. Neffens him wurde ûndernimmers beneidiele troch de gemeentesloep.

Minkema hat yn juny ferline jier foar 80.000 euro twa sloepen kocht, ek foar de ferhier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)