Dochs iisbaan by Aldehou

12 okt 2011 - 16:52

Der komt dit jier dochs in winterfeest yn Ljouwert. Dat is sa goed as wis om't ûndernimmers garant stean foar de iisbaan. Twa wike lyn waard noch bekend makke dat it feest net trochgean koe. It Ljouwerter ûndernimmersfûns hie gjin jild mear oer foar de keunstiisbaan ûnder de Aldehou.

De ûndernimmers hawwe tasein dat se pas betelle hoege te wurden as der winst makke wurdt op de iisbaan. De KNSB sil de iisbaan dit jier ek stypje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)