Dochs gjin hynder as skaakpriis

21 nov 2006 - 11:47

De winner fan it Remco Heite Skaaktoernooi krijt dochs gjin hynder kado. Dat hat de organisaasje besletten nei oerlis mei AID. De priis is no in sjek wêrmei't it hynder kocht wurde kin. Mar it jild kin ek earne oars foar brûkt wurde.

It is yn Nederlân ferbean om in hynder as priis wei te jaan. De organisaasje fan it skaaktoernoai wist dat net. It toernoai wurdt dit wykein hâlden yn it Van der Valkhotel yn Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)