Dochs gjin Fryske nierdonaasje

05 des 2009 - 09:48
  • Maggy van Manen

Maggy van Manen út Drachten stiet dochs gjin nier ôf oan Adrie de Graaf út Putten. Fanwege flaters by in medyske yngreep doart Van Manen in nije operaasje net mear oan. Van Manen krige by de yngreep tefolle morfine en kaam hast te ferstjerren.

Maggy van Manen melde har as donor neidat it ferhaal fan De Graaf yn De Telegraaf stien hie. Dêrút die bliken dat dy al fiif jier op in donornier wachtet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)