Dochs gjin ferdûbeling fergoeding Patyna-bestjoerders

14 des 2015 - 15:48

De ried fan tafersjoch fan de nije soarchgroep Patyna kriget dochs gjin ferdûbeling fan de fergoeding. Dat is besletten fanwege alle kommoasje, doe't koartlyn bekend waard dat de leden fan de ried bot omheech gean yn beleanning. De nije fergoedings wiene wol neffens de wetlike regels, mar dochs kaam der in soad krityk op.

De ried fan tafersjoch seit no dat der te min rekken hâlden is mei wa't Patyna is as organisaasje en mei de gefoelens yn de direkte omjouwing. Foar no bliuwe de fergoedingen gelyk oan wat se binne.

Yn oerlis mei de ûndernimmingsried en kliïnteried sil wol besjoen wurde oft de fergoedings letter noch oanpast wurde moatte of net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)