Dochs gerstegels oan Winamerdyk

13 nov 2005 - 13:06

Yn Winaam kin moandei oer in wike út ein set wurde mei it lizzen fan gerstegels oan de Winamerdyk. De gemeenteried fan Harns hat dêr jild foar beskikber steld. Doarpsbelang Winaam woe al langer dat der gerstegels komme soene, om de dyk feiliger te meitsjen.

De wurksumheden duorje trije wiken. Fytsers en fuotgongers kinne wol oer de Winamerdyk, mar auto's moatte oerdei omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)