Dochs fytspaad Spannenburch

27 feb 2012 - 21:31

It fytspaad tusken Jiskenhuzen en Spannenburch is wer in stap tichterby, no't de gemeente Skarsterlân in tal beswieren ôfwiisd hat. As de gemeenteried ynstimt mei de wiziging fan it bestimmingsplan, kin it fytspaad oanlein wurde.

De beswieren fan twa omwenners giene oer sweltsjes en mooglik ûnfeilige situaasjes tusken fytsers en lânbouferkear. Neffens de gemeente is dêr yn it plan rekken mei hâlden. As de gemeenteried dat ek fynt, soe it fytspaad mooglik dit jier en oars takom jier oanlein wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)