Dochs foksejacht mei ljochtbak

08 des 2013 - 16:52

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is bliid dat der toch mei ljochtbakken op foksen jage wurde mei. Foarige wike helle de Ried fan Steat it streek troch dizze foarm fan jacht. Dat wie op basis fan Europeeske regeljouwing. Steatssekretaris Sharon Dijksma makket lykwols gebrûk fan it rjocht om ôf te wiken fan dat ferbod.

Neffens de natuerorganisaasje is nachtlike jacht op foksen de bêste manier om de skea dy't se oanbringe oan de greidefûgels foar te kommen. De steattsekretaris sil mei har Europeeske kollega's yn konklaaf oer de regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)