Dochs dragraces yn Drachten

24 okt 2007 - 13:27
  • De airstrip by Drachten

Der meie yn de takomst dochs wer dragraces organisearre wurde op de airstrip by Drachten. Organisator Explosion fan 'e races en it bestjoer fan de airstrip binne it nei jierren fan striid iens wurden.

Explosion mei fan Smellingerlân fiif jier lang trije jiers in race hâlde. Earder woe de gemeente dit net lije fanwege it bestimmingsplan. Ek is ôfpraat dat Explosion de airstrip foarsjen sil fan nij asfalt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)