Dochs draaibrêgen oer Swette

14 sep 2007 - 06:34

Bewenners fan de nijbouwyk fan Skearnegoutum krije dochs trije draaibrêgen oer de Swette hinne. De gemeente Wymbritseradiel makke dat tongersdei bekend. By de ferkeap fan de kavels hie de gemeente de brêgen tasein, mar kaam der letter op werom; de brêgen soene te djoer wêze.

Op oantrunen fan doarpsbelang wurde de âlde plannen no dochs útfierd. De bewenners krije in kaai om de brêgen sels te betsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)