Dochs boaiemproseduere âlden

13 des 2012 - 16:05

Dupearre âlden fan it gastâlderburo Fryslân sette de boaiemproseduere dy't se begûn binne troch. Guon krije noch tûzenen euro's fan it buro. Woansdei makke direkteur Luuk van den Brink bekend dat syn bedriuw fusearje sil mei it buro Gastouderland út Culemborg. Van den Brink tinkt sa út de finansjele swierrichheden te wêzen en iepensteande rekkens betelje te kinnen. Mar dêr is by dupearre gastâlden kwalik fertrouwen yn. Sa binne in oantal fan de skuldeaskers noch net ynformearre oer de oplossing.

Om der wis fan te wêzen dat de iepensteande rekkens dochs betelle wurde sette de dupearre gastâlden de boaiemproseduere troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)