Dochs biografy Stuyvesant

20 jun 2011 - 19:11
  • It stânbyld fan Pieter Stuyvesant

Der komt dochs in biografy fan Pieter Stuyvesant. Dat hat de Universiteit fan Amsterdam tasein oan de gemeente Weststellingwerf. Dr. Jaap Jacobs, dy't de biografy skriuwe sil, wurket by de universiteit.

De gemeente hie jierren ferlyn al 120.000 gûne beskikber steld, mar hearde dernei neat mear oer it boek. Boargemaster Van Klaveren hat dêrom in besite brocht oan de universiteit om oer it boek te praten. De bedoeling is no dat it boek yn 2012 útkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)