'Dochs befalle op Skylge'

07 jun 2011 - 17:02

Skylger húsartsen moatte bettere fasiliteiten krije om dochs berten begeliede te kinnen. Dy mooglikheid wol Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi mei de dokters en de soarchfersekerders ûndersykje. Poppen dy't op de fêstewâl berne wurde mei Skylge net mear as berteplak krije, neffens nije regels.

De húsartsen op Skylge kinne gjin befallings mear dwaan omdat der gjin sikehûs yn de buert is. Jacobi hie steatsiktaris Teeven frege in útsûndering te meitsjen. Dat wol er net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)