Dochs asbest yn wenwyk

03 aug 2004 - 11:15

Yn de Dokkumer Wiemerstrjitte yn de wenwyk de Koailannen is moandei dochs noch asbest oantroffen. De wyk leit in kilometer ôf fan it terrein De Hege Diken dêr't de brân sneon wie. Bewenners troffen roet oan yn 'e tún.

It duorret noch seker trije wike foar't alle asbest oprêden is dat by de brân frijkaam. By dy brân is de loads fan it earder transportbedriuw DBO folslein ferlern gien. It dak fan de loads bestie inkeld út asbestgolfplaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)