Dochs aksje foar swimbad Frosk

12 jul 2011 - 20:52

Der sil nije wike tiisdei by de gemeenteried fan Dantumadiel dochs aksjefierd wurde foar it behâld fan swimbad de Frosk yn De Westereen, ek al hat it gemeentebestjoer besletten it bad iepen te hâlden. Dat kostet acht ton en dêr moat de ried noch oer gear. Doel fan de aksje is ek de gemeenteried achter it rêdingsplan te krijen en oan te trunen op in oplossing foar it skoalswimmen. Dêr ha b. en w. gjin jild foar frijmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)