Dochs akkoart begrutting 2013

26 apr 2012 - 23:19

VVD, CDA, D66, GrienLinks en de ChristenUnie binne der yn slagge in begrutting te meitsjen dy't Europaproof is. It giet om in stik op haadlinen, mar neffens demisjonêr minister De Jager is it deeglik genôch om de triple-A status te behâlden. Dêrmei is de boete fan 1,5 miljard euro ek fan de baan.

Wat bliuwt is in besparring fan 14 miljard euro ekstra yn 2013. Dúdlik is dat de yngripende besunigings op natuer, soarch, ûnderwiis en kultuer hielendal of foar in part skrast wurde.

De BTW op lúkse artikels giet wol omheech en dat jildt ek foar de pensjoenleeftyd. Amtners krije gjin leansferheging en der wurdt wat dien oan de hypoteekrinte en it ûntslachrjocht. De BTW op kultuer giet werom nei 6% en dat is goed foar de teaters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)