Doch moandei mei oan Studio F

27 jun 2008 - 13:35
  • Studio F is dwaande mei nije opnames

Bisto tusken de 7 en 14 jier âld? En wolst op tv komme? Kom dan moandei 30 juny om 12.30 oere nei it Soldatedykje yn Ljouwert en meld dy by it Orca clubgebou. Omrop Fryslân Skoaltv makket dêr opnames foar Studio F.

De opnames duorje oant 15.00 oere. Wolst mear witte? Harkje dan sneon om 10.50 oere nei Omrop Fryslân Radio. Yn it programma Op en Ut fertelt regisseur Bart Kingma alles oer de Bolledongbokaal, it tema fan it Studio F-programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)