Doch in kar út ús Waldrockargyf

05 sep 2004 - 13:55

Radioprogramma Popskuor werhellet yn septimber eigen live-opnames út it rike Wâldrock-argyf fan 'e omrop. Hjirby meie de harkers útmeitsje wat der krekt te hearren wêze sil. It bysûndere optreden fan Rammstein fan in pear jier lyn of dochs leaver Within Temptation?

Op www.omropfryslan.nl kin in wike lang keazen wurde út ús foarseleksje fan tsien Wâldrock-hichtepunten. Oare bands dy't keazen wurde kinne binne ûnder oaren de Deftones en Type O Negative.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)