Dobberje op Snitsermar

05 aug 2014 - 17:26
  • Gjin wyn by Snitsermar

De silerij op de Snitsermar foar de Snitswike hat tiisdei foar it grutste part stillein, omdat der hast gjin wyn wie. De wyn kaam net boppe krêft 2 út en dêrom giene in soad wedstriden net troch. It moaie, rêstige sinneskynwaar is prima foar it publyk oan de kant, mar foar de silers is it foaral dobberje, in bytsje sile en dan wer dobberje.

De wedstriden dy't net trochgien binne, wurde woansdei ynhelle. Dan is it ek Hurdsyldei, dus wurdt it in lange syldei op de Snitsermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)