Doaze op 'e dyk: lekke bân

24 sep 2009 - 10:46

In automobilist krige woansdei twa lekke bannen op it Hamsterplein yn Droegeham. De man ried mei de auto oer in doaze mei dêryn in foarwurp dat fersierd wie mei hûnderten spikerkes. De doaze wie krekt dêrfoar fan in frachtauto fallen.

De plysje siket no minsken dy't de doaze fallen sjoen hawwe. Nei alle gedachten wie de fersiering bedoeld foar de Gondelfeart yn Droegeham.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)