Doarwarders hawwe it drok

13 mrt 2009 - 17:46

It wurdt de kommende moannen in stik drokker foar de gerjochtsdoarwarders. Dat tinkt Marco van den Borg fan gerjochtsdoarwarders Flanderijn en Van den Borg op It Hearrenfean. It bedriuw iepene tongersdei in grutter kantoar, want it foarige waard te lyts.

No binne it fral partikulieren dy't it dreech fine om op tiid te beteljen, mar oer in pear moannen ferwachtet Van den Borg dat betellings tusken bedriuwen in folle grutter probleem wurde sille as no it gefal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)